Gearfetting begrutting 2019

Begroting

Folfiere, ferbine en foarútsjen
Mei de ferkiezingen yn sicht makket de koälysje begjin 2019 de einbalâns op fan it koälysje-akkoart. Dizze lêste begrutting stiet dan ek yn it teken fan it folfieren fan de doelen út it koälysje-akkoart en de nije foarstellen út de ramtnota 2019. Ek yn 2019 sette wy ús folop yn foar krêftige mienskippen, in takomstbestindige ekonomy, duorsumheid, it ‘Frysk eigene’ en de moaiste provinsje, mar jouwe wy ek romte oan it nije provinsjebestjoer om foar de takomst fan Fryslân nije ambysjes te formulearjen.
Wy kinne sizze dat wy der as provinsje foar de kommende jierren finansjeel goed foar steane. De ynsidintele romte yn de frij te brûken reserve bedraacht ein 2019 goed € 130 mln, dêrneist is der in strukturele romte fan € 2 mln.

Wat sille wy dwaan yn 2019?

1. Foar krêftige mienskippen

Sprieding fan soarchfoarsjenningen
In ynventarisaasje ûnder relevante partijen, mei dêrûnder ek in boargerpanel, hat útwiisd dat de sprieding fan soarchfoarsjenningen yn Fryslân op dit stuit foldwaande is. Wol binne der soargen oer it tanimmende tekoart oan húsdokters. Dêrom binne wy yn 2018 yn ’e mande mei de Friese Huisartsen Vereniging en Doktersdiensten mei in kampanje begûn. Dy kampanje – www.11huisartsen.frl – wurdt fuortset yn 2019. Dêrneist sette wy yn 2019 Zorgbelang yn om by te dragen oan goede soarchfoarsjenningen. Fierder soargje wy fia ús kearntaken foar in goede sprieding en berikberheid.

Iepen mienskipsfûns
Yn de ramtnota binne ekstra middels opnommen foar it Iepen Mienskipsfûns (IMF). Wy kinne dêrom trochgean mei it stypjen fan inisjativen út de Mienskip dy’t ynspylje op de leefberheid en de ‘elkenien docht mei’-gedachte. Dat bart fanút de leechdrompelige regeling fan it Iepen Mienskipsfûns. Ek de doelen lânskip en kultuerhistoarje, kânsen foar boargers en duorsume doarpen út it koälysje-akkoart wurde fanút it IMF betsjinne.

2. Foar in takomstbestindige ekonomy

Genôch goed oplaat personiel foar ús ûndernimmers
Op basis fan ús beliedsbrief Wurkje mei Fryslân geane wy yn 2019 troch mei ús ûnfermindere yn te setten foar it Fryske bedriuwslibben. Wy wurkje oan it fersterkjen fan de ekonomyske struktuer; Ynbusiness as ‘húsdokter’ foar de Fryske ûndernimmer, de FOM mei finansieringsynstruminten yn International Trade Service as ít eksportloket binne of komme yn 2019 op folle krêft. Ek hâlde wy ús yn oparbeidzjen mei bedriuwslibben en ûnderwiis dwaande mei takomstige fraachstikken. Hoe soargje wy dat der foldwaande goed oplaat personiel is foar ús ûndernimmers? En mei ús leechdrompelige voucherregeling jouwe wy ús MKB de mooglikheid om harren human resource strategy te ûntwikkeljen of te ferbetterjen.

Nei in ekonomy sûnder ôffal
Yn 2025 stiet de lêste jiskebak fan Fryslân yn it Fries Museum. Dêrom wurkje wy ek yn 2019 fierder oan in sirkulêre ekonomy. Begjin 2019 stelle wy wer in jierplan op mei ús aksjes. Wy wurkje ek nau gear mei Vereniging Circulair Fryslân, it Ryk en ek mei oare Europeeske regio’s. Wy dogge dat troch te dwaan, te learen en te fertellen. Sa wolle wy ús Frysk MKB ynspirearje en meinimme yn in sirkulêre ekonomy dy’t brea op ’e planke bringt.

Lânbou
De provinsje wol dêr’t dat mooglik en winsklik is syn bydrage oan de ûntwikkeling fan in duorsume lânbou leverje. In lânbou dy’t op in duorsume wize produsearret, mei mear bioferskaat yn it boerelân. Kearn foar de Fryske oanpak is dat de sektor sels it foartou nimt. Yn 2019 wolle wy ûnder oaren berikke dat der kavelruil fan 1.200 hektare plakhat te’n geunste fan de struktuerfersterking fan de lânbou. Ek is yn 2019 it lânboutransysjefûns operasjoneel, wêrby’t de earste projekten yn útfiering binne.

Ynternasjonale bekendheid fersulverje
Hjerstmis 2018 wurdt in position paper Gastfrijheidsekonomy opsteld as boustien mei aktuele opjeften. Fan 2019 ôf wolle wy in “fair share” fan de sterke groei oan (ynkommend) toerisme yn Europa en Nederlân ek yn Fryslân ynfolje, passend by de skaal fan ús mkb en ús identiteit. De bekendheid tanksij LF2018 en mei dêrtroch ferwurven ynternasjonale bekendheid (û.o. Lonely Planet) wolle wy fersulverje troch in sterkere ferbining te meitsjen tusken de programma’s Ekonomy en Kultuer.

3. Foar fanselssprekkende duorsumheid

Duorsume wenningen
De enerzjytransysje begjint by elke boarger yn Fryslân. Fansels, wy hawwe gruttere enerzjyboarnen nedich om alle enerzjy dy’t wy brûke duorsum op te wekken. Mar it ferduorsumjen fan de wenningfoarried is in belangrike stap om Fryslân duorsum te krijen. De Fryske Deal bliek in lestich te realisearjen winsk. Mar mei de Fryske Deal 2.0 wurkje wy yn ’e mande mei wenningkorporaasjes oan in poerbêst alternatyf om in grut part fan de korporaasjewenningen op duorsume enerzjy te krijen.

Fryslân en it Klimaatakkoart
De ûntwikkelingen yn de enerzjytransysje geane hurd. It klimaatakkoart hat ús enerzjybelied yn in rap tempo ynhelle. Dat betsjut dat wy de kommende tiid ús enerzjystrategy op ’e nij itigje sille en besjogge hoe’t wy dy wer oanslute litte by it klimaatakkoart.

Wy meitsje finansjele boargerpartisipaasje yn Wynpark Fryslân mooglik
Yn 2019 ferwachtsje wy de financial close foar Wynpark Fryslân: it momint dat wy definityf beslute yn te stappen yn it wynpark. It wurdt dan ek mooglik foar de mienskip om finansjeel diel te nimmen yn it wynpark. Sa wurdt Wynpark Fryslân in wynpark dat ek fan de Friezen is.

4. Foar in fitaal Frysk eigene

Fierder nei 2018
Yn 2019 ûntwikkelje wy passende maatregels en ynstruminten foar it takomstige kultuerbelied. Dat belied giet yn 2021 yn. Dêrby sykje wy in goede oansluting mei Aginda2028. Dy aginda wurdt de neilittenskip fan it Kulturele Haadstêdjier 2018. De provinsje stelt foar it oergongsjier 2019 twa miljoen euro beskikber, sadat kultureel ûndernimmerskip en programmearring fierder ûntwikkele en útfierd wurde kinne. Ek bliuwt de reservearring fan 1 miljoen euro foar ticketrisiko’s by kulturele produksjes beskikber nei 2018. Yn oktober 2018 beslute Provinsjale Steaten oer Aginda2028. Provinsje en gemeente Ljouwert hawwe de regy op de aginda. Aginda2028 wurdt ynfolle en útfierd mei partijen út it fjild.
It kommende jier evaluearje wy ús rol fan Taalskipper. Dat dogge wy yn ’e mande mei it Ryk. De nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2019 – 2023 is yn ’e maak en start yn 2019.

Transysjefûns Leefbere Fysike Omjouwing
Leefberheid rekket ek de fysike wenomjouwing. Mei it Transysjefûns Leefbere Fysike Omjouwing wolle wy in oanjeifûns kreëarje foar gemeenten, wenningkorporaasjes en soarchpartijen. Mar ek foar oannimmers, makelers en banken. De brede omskriuwing fan resultaat 41 (transysjefûns fysike leefomjouwing) is fersmelle ta in ferkenning fan trije konkretere tema’s: wenjen, retail en soarchfêstgoed. Dy trije tinkrjochtingen wurde yn 2019 fierder ynfolle.

5. Foar in dynamyske omjouwing yn de moaiste provinsje

Wy stelle de Omjouwingsfisy fêst
Wy stribje in yntegrale benadering fan de romtlike ûntwikkeling fan ús provinsje nei, ûnder oaren oangeande de ûntwikkeling fan wenjen en wurkjen by stêden en doarpen, wyn- en sinne-enerzjy, skaalfergrutting lânbou en yntinsive feehâlderij. Yntegraal betsjut dat wy rekken hâlde mei eksterne ûntwikkelingen, feroarjende ynsichten en mei nij Europeesk en ryksbelied. Dêrfoar wurdt yn 2019 de provinsjale Omjouwingsfisy fêststeld.

By it ta stân kommen fan de Omjouwingsfisy wurdt njonken de yntegraasjeslach fan beliedssektoaren binnen it fysike domein ek ynfolling jûn oan de beliedsmjittige gearhing mei it sosjale domein. Dy gearhing wurdt yn alle gefallen sichtber by de tema’s arbeidsmerk en wurkgelegenheid, befolkingsûntjouwing en wenjen, berikberheid en beskikberheid fan foarsjenningen yn it lanlik gebiet. Dêrby jouwe wy spesjaal omtinken oan âlderen, om’t harren oantal de kommende jierren sterk tanimme sil.

Fryslân en wetter
Yn 2019 jouwe wy fierder útfiering oan it Utfieringsprogramma 2018/19 fan de feangreidefisy, fiere wy projekten út om swiet grûnwetter fêst te hâlden en treffe wy maatregels om de ferdrûging te bestriden yn de Natura 2000-gebieten. Ek presintearje wy yn 2019 de resultaten fan de Grûnwetterstúdzje Fryslân.

Ofrûning grutte ynfraprojekten
It haadwegenet yn Fryslân is mei de ôfrûning fan de grutte ynfraprojekten fierhinne op oarder. Yn 2019 wurkje wy noch folop oan gebietsûntwikkeling en Kânsen yn Kearnen nei  De Sintrale As, de ynvestearringsaginda Drachten – It Hearrenfean en de ferdûbeling fan de N381 oant Easterwâlde. Oandachtspunten binne noch de brêgen yn de Ofslútdyk en Skarster Rien (A6).

Minder ferkearsdeaden
Wy drage by oan it ferminderjen fan it oantal ferkearsslachtoffers mei ferkearsedukaasje en foarljochting. Us ynset is it oantal ferkearsdeaden oer de perioade 2009-2025 mei de helte te ferminderjen, sadat der op syn meast 14 ferkearsdeaden falle yn Fryslân yn 2025. Yn 2019 sette wy ek ekstra yn op de útfiering fan it Risikoferleegjend Ynfrastruktuer Programma (RYP).

Ynset op fytsfeilichheid
Fryslân moat yn de top-3 fan fytsprovinsjes, fine wy. Dêrom sette wy yn op goede fytsfoarsjenningen. Feilige fytspaden en oerstekpunten, kwalitatyf goede fytspaden en goede foarsjenningen lâns fytsrûtes fine wy wichtich. Yn 2019 sille wy fytspaden ferbreedzje en leveret Marrekrite it nije fytsnetwurk ôf, wêryn’t wite plakken oplost binne. Ek stoarte wy € 500.000,- yn it nije fytsfeilichheidsfûns.

Glêsfezel yn Fryslân
Kabelnoord set útein mei de oanlis fan glêsfezel yn Fryslân. Passend by de fuortgong fan dy oanlis jouwe wy de efterstelde liening fan € 35 miljoen oan Kabelnoord yn trânsjes (foar dielprojekten). Dêrneist ûndersykje wy watfoar rol oft der foar de provinsje yn griis gebiet weilein is en watfoar oanpak oft dêrby passend is. Foar de 1000 meast efterôf lizzende adressen yn Fryslân sûnder fluch ynternet wurket de provinsje in subsydzjeregeling út.

Iepenbier Ferfier
Yn 2019 bringe wy de earste resultaten fan de OV-eksperiminten yn byld dy’t wy meinimme yn it programma fan easken foar de nije buskonsesje 2022-2032. Want ein 2017 hawwe wy de buskonsesje ferlinge foar de perioade 2020-2022 , om sadwaande ekstra tiid te brûken foar eksperiminten yn it iepenbier ferfier. Dy input hawwe wy nedich foar de nije konsesje mei yngong fan 2022. Yn de eksperiminten rjochtsje wy ús op it ferduorsumjen fan it OV. Under oaren troch it strekken fan in oantal buslinen (net mear troch doarpen ride), wêrby’t wy dêrneist sykje nei maatwurkoplossingen foar berikberheid op it plattelân.

Ferbetterjen, fersterkjen of werstrukturearjen fan ús doarpen en stêden
Wy wolle de kwaliteit fan de romtlike omjouwing ferheegje. Dêrom sette wy yn op it ferbetterjen, fersterkjen of werstrukturearjen fan de doarpen en stêden en it Fryske lânskip. Us ynset wat de romtlike kwaliteit fan Fryslân oanbelanget is fierder rjochte op in ferantwurde ynpassing fan nije ekonomyske ûntwikkelingen en it moai hâlden fan ús provinsje. Fierder fiere wy it streekplanbelied út. Utwurking fan it belied bart fia in beheinde aktualisaasje fan de feroardering Romte en fia oerlis oer en it tafersjoch hâlden op gemeentlike romtlike plannen.

6. Foar in modern bestjoer

Romte foar inisjativen út de mienskip
Wy steane iepen foar útdagingen út de mienskip: wat kinne doarpen of ûndernimmers better of goedkeaper? As earste provinsje ûntwikkelje wy yn 2017 belied op Right to  Challenge. De grutste útdaging kaam yn 2018 fan de natuerorganisaasjes. Hokker útdager doart it yn 2019 oan?

De provinsjale organisaasje op oarder
Provinsjale Steaten hawwe yn 2018 yn it ramt fan de strategyske personielsplanning ekstra middels beskikber steld foar 2018 en 2019. Dy middels sette wy yn foar kapasiteit, om sadwaande alle provinsjale taken en ambysjes ek yn 2019 útfiere te kinnen. Dêrneist binne de middels nedich foar de kwalitative ûntwikkeling fan de organisaasje. Der moat bliuwend foldwaande kennis oanwêzich wêze yn de organisaasje, en de organisaasje moat him tariede op nije manieren fan (gear)wurkjen. Mei oare oerheden en organisaasjes, mar ek mei inisjativen út de Mienskip.

Print deze pagina