Gearfetting

Jaarstukken

De Begrutting 2019 stie yn it teken fan dien meitsje, ferbine en foarútsjen. Yn in soad opsichten wie 2019 in rûzich jier: ferkiezings, ûnderhandelingen en nei de simmer de stikstof- en PFAS maatregels mei grutte ympakt. By it opstellen fan de Jierstikken 2019 leit it iepenbiere libben yn Nederlân stil, troch de maatregels fanwegen de koroanakrisis. In krisis met grutte ympakt op it libben yn Fryslân, op ús ekonomy en op ús lok.

Wy slute 2019 ôf mei in posityf resultaat fan € 90,7 miljoen. It grutste part fan dat bedrach is te tankjen oan it foar de tiid ferkeapjen fan obligaasjes. Dat levere de provinsje yn 2019 foar ien kear € 49 miljoen op. Noch ris € 20,7 miljoen komt troch it frij fallen fan in part fan de Ûnderhâldsfoarsjenning.

Wat diene wy yn 2019?

Foar krêftige mienskippen

Iepen Mienskipsfûns
De resultaten wat Leefberens oanbelanget lizze op koers. Yn 2019 binne wy trochgien mei it subsidiearjen fan ûnderskate lokale inisjativen troch it Iepen Mienskipsfûns (IMF). Yn desimber 2019 is de Doarpshuzeregeling yn it IMF opgien en troch de Steaten foar de kommende fjouwer jier wer beskikber steld.

Yn ús rol as oanbieder fan foarsjennings foar de regio’s hawwe wy ûndersyk dwaan litten nei de ûntwikkeling en takomstbestindichheid fan foarsjenning yn de regio Noardwest-Fryslân. Yn it ramt fan dat ûndersyk is de serious game ‘Voorzieningen-Wijs’ ûntwikkele. Ek is de earste leefberensmonitor ‘Leven voor Fryslân’ presintearre.

Kansenfonds en transysjefûns
De subsydzjeregelingen Bouw en verbouw huisartsenpraktijken en de subsydzjeregeling Friese Retailaanpak binne beide yn it ôfrûne jier iepensteld. Beide regelingen rinne goed, de earste dêrfan is sels oerfrege.

Dêrneist is yn 2019 it Kansenfonds ôfsletten. Mei-inoar binne yn de perioade 2016-2019 333 projekten subsidiearre, dy’t de sosjale leefberens yn Fryslân befoardere hawwe. Dêrby kin tocht wurde oan it foarkommen fan iensumens en diskriminaasje.

Regio Deals
Fierder binne yn 2019 de Regio Deals Holwerd aan Zee en de Versnellingsagenda NO-Fryslân fierder útwurke. Foar Holwert oan See is bygelyks yn desimber troch ûnderskate partijen in yntinsje-oerienkomst ûndertekene.

Mei in ekstra ynvestearring fan € 1 miljoen foar in perioade fan fiif jier binne wy de Fryske Akademy te help kommen. Ek kaam der jild beskikber foar in reorganisaasje. Oan de ekstra bydragen, dy’t troch Provinsjale Steaten goedkard binne, is in rige betingsten ferbûn. Ien dêrfan is gearwurking mei oare ynstellingen foar taal en wittenskip yn Fryslân.

Foar in ekonomy dy’t de takomst treast is

Sirkulêre ekonomy
De ekonomy fan de takomst is in sirkulêre ekonomy. Yn 2019 wurken wy fierder oan de ambysje om yn 2025 by de Top 3 fan de meast sirkulêre regio’s fan Europa te hearren. Om de fuortgong sjen te kinnen dogge wy in nulmjitting. Dat dogge wy yn it Europeeske projekt Replace. Foar sirkulêre ekonomy yn it ûnderwiis is it projekt SPARKS útein set, dat yn 2020 fierder yn trochrinnende learlinen ferankere wurde sil. Wy drage by oan de kampanje “Ik ben bewust”, in gearwurking tusken IVN, Vereniging Circulair Friesland, de Friese Milieufederatie en NDC Mediagroep. De biokomposyt brêge by Ritsumasyl foel yn 2019 meardere kearen yn ‘e prizen en is yn febrewaris 2020 troch minister Van Veldhoven iepene.

MKB-Voucherregeling
De leechdrompelige MKB-Voucherregeling wie in 2019 op ‘en nij in sukses. Nei de behanneling fan it bestjoersakkoart yn Provinsjale Steaten is it subsydzjeplafond foar de MKB-Voucherregeling oant € 835.000,- yn de brede pot ferhege en oant € 225.000,- foar strategyske personielssaken. De regeling is tagelyk ek ferbrede, sadat de regeling ek foar it duorsum meitsjen fan saken en sirkulariteit  brûkt wurde koe.

Promoasje fan Fryslân as fêstigingsplak foar bedriuwen
De akwisysjegearwurking mei de F4 ferrint goed en is yn 2019 yntinsivearre. It is no fan belang dat de Fryske proposysjes en promoasjemiddels ûntwikkele wurde. TopDutch gie yn 2019 fierder, mar wol mei opûnthâld. Ein 2019 waarden de foar Fryslân wichtige kampanjes Agrifood en Watertechnologie mei sukses útein set.

Kampanje foar it Waad goed op gong
De kampanje Visit Wadden is yn 2019 goed op gong kommen. It is in earste suksesfolle gearwurking tusken de provinsjale marketingorganisaasjes fan Groningen, Noord-Holland en Fryslân, dy’t mei-inoar it Waad yn de merk sette. Yn opdracht fan de provinsje lei de prioriteit fan Merk Fryslân by it ûnder de oandacht bringen fan Fryslân by ynternasjonale gasten. Dêrtroch  is de mienskiplike marketingkampanje foar it grinsgebiet Fryslân/Drenthe (noch) net opset.

Startnotysje foar gastfrijheidsekonomy fêststeld
In mooglik ferfolch op de ov-kaart, fergees foar toeristen, is yn 2019 keppele oan de útfiering fan it nije beliedsbrief Gastfrijheidsekonomy. Dêr is yn 2019 de  startnotysje foar fêststeld. De beslútfoarming oer it beliedsbrief troch Provinsjale Steaten kriget yn 2020 syn beslach.

Takomstbestindige lânbou
Op it mêd fan lânbou is yn 2019 de earste faze fan de Landbouwdeals, dêr’t in grut tal projekten mei finansiere is, útfierd en ôfsletten. Foarbylden binne Kennisproject natuurinclusieve landbouw/onderwijs, Studiegroepen biologische landbouw en Kruidenrijke akkerranden by gebietskoöperaasje Waadrâne.

Dêrneist is yn 2019 de Regio Deal Natuurinclusieve Landbouw mei de provinsjes Groningen en Drenthe en it ministearje fan LNV sletten. De Regio Deal stipet en ûntwikkelet yn de kommende jierren duorsume inisjativen yn acht gebieten, ferspraat oer Noard-Nederlân.

Foar fanselssprekkende duorsumens

Flinke stap yn  it duorsumer meitsjen fan saken
Fryslân hat in flinke stap set yn it duorsumer meitsjen fan de enerzjyfoarsjenning. Benammen sinne-enerzjy hat in grutte sprong makke. Der binne yn Fryslân no 18 sinnefjilden oanlein, dy’t mei-inoar 429MW opwekje. Foar nochris 20 fjilden binne al fergunnings ferliend. Dêrneist groeit ek sinne op dak goed troch. Foar de 50 enerzjy-koöperaasjes yn Fryslân kaam yn 2019 in spesjaal voucher om kennis en kunde foar harren projekten yn te keapjen. It Fûns Skjinne Fryske Enerzjy (FSFE) draaide in goed jier mei 22 nije projekten. Fierder sleaten wy yn maaie de Green Deal Aquathermie.

De groei fan it duorsum opwekjen fan enerzjy soarget derfoar dat wy op koers lizze om de Fryske doelen te heljen. De doelstelling fan 2020 foar sinne-enerzjy – 500 MWp – is al hast berikt. Der is lykwols ek in oare kant. Troch de grutte levering fan duorsume enerzjy op it netwurk ûntsteane der kapasiteitsproblemen. Dêr is kontakt oer mei netwurkbehearders.

Windpark Fryslân
Yn 2019 waarden wy dielnimmer fan Windpark Fryslân. De provinsje Fryslân hat mei in ynvestearring fan € 20 miljoen yn it oandielekapitaal fan it wynpark in belang fan 15%. Dêrneist stelde de provinsje in efterstelde liening fan € 80 miljoen beskikber. De provinsje hat it rjocht twa kommissarissen te beneamen, krekt likefolle as de oare oandielhâlders. De fjouwer kommissarissen sille mei-inoar in ûnôfhinklik foarsitter oanstelle.

Foar in dynamysk fermidden yn moai Fryslân

Glêstried útset
Wat glêstried oanbelanget hat Kabelnoord yn 2019 yn alle Fryske gemeenten de fraachbondeling ôfsletten. Kabelnoord hat yn 2019 jier de bûtengebieten fan de gemeenten Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen en Opsterlân oansletten. Dêrneist binne se útein set mei de oanlis fan glêstried yn de gemeenten Eaststellingwerf, Weststellingwerf, it Hearrenfean, Dantumadiel en Smellingerlân.

Ûntwerp-omjouwingsfisy klear foar ynspraak
Ein 2019 is de ûntwerp-omjouwingsfisy foar ynspraak op besjen lein. Yn septimber is dy ûntwerp-fisy troch Provinsjale Steaten foar ynspraak frijjûn. Definitive fêststelling, nei beoardieling fan de ynspraak, folget nei alle gedachten yn 2020. Ek binne wy yn 2019 útein set mei it opstellen fan de ûntwerp-omjouwingsferoardering.

Nije natuer
Yn 2019 is der 575 bunder natuer ynrjochte. Meardere gebietsynrjochtingsprojekten binne ôfsletten, nammentlik: Baarderadeel, Achtkarspelen Zuid 3e module, Gaasterland, Twizelermieden en it earste part fan Beekdal Linde 3e module. Ek binne wy útein set mei it útwurkjen fan it plan ‘Mieden op z’n Mooist’ yn it gebietsynrjochtingsprojekt Achtkarspelen-Zuid.

Fryslân en wetter
Yn juny 2019 is de Strategyske Grûnwetterstúdzje Fryslân oan Provinsjale Steaten fan Fryslân oanbean. Dy stúdzje beskriuwt it ferline, it no en de takomst fan it Fryske grûnwettersysteem. Weardefolle ynformaasje foar takomstige beliedskarren. Dêrneist binne twa projekten útfierd om mear wetter op de hegere sângrûnen fan ús provinsje fêst te hâlden.

Feangreide
Yn 2019 hawwe wy in Maatschappelijke Kosten Baten Analyse (MKBA) útfierd oangeande it sakjen fan de grûn yn it Fryske feangreidegebiet. De MKBA jout ynsicht yn de maatskiplike kosten en baten fan mooglike senario’s en takomstperspektiven foar it feangreidegebiet. De MKBA tsjinnet as basis foar it útfieringsprogramma Feangreide 2020-2030. Yn de Feangreidefisy stribje wy der nei om it ôfbrekken fan it fean op te kearen en de gefolgen fan it sakjen fan it meanfjild op te fangen.

Greidefûgelkearngebieten
Yn de greidefûgelkearngebieten (agrarysk greidefûgelbehear en natuerreservaten) stabilisearret de skriezepopulaasje him. Op it gongbere boerelân geane al sûnt 2009 de oantallen skriezen ûnfermindere sterk efterút. It kontrast mei de stabilisaasje yn de greidefûgelkearngebieten is sterk. It tal briedpearen skriezen wie likernôch 7.500 yn 2019, dêrmei is de doelstelling net helle. Oant no ta is likernôch 25.000 bunder greidefûgelkearngebiet realisearre binnen de greidefûgellânskippen. De greidefûgelkearngebieten besteane út agrarysk greidefûgelbehear en natuerbehear.

Fergunningferliening, tafersjoch en hanthavening
Yn 2019 binne 11 majeure risikobedriuwen (Brzo-bedriuwen) fan de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) oergien nei de Omgevingsdienst Groningen (ODG). De gearwurkingsoerienkomst tusken de provinsje en de ODG is yn 2019 ûndertekene. Nije ûnderwerpen, lykas ûndermining, binne oan de mearjierre-aginda fan VTH tafoege.

Oanpak Stikstof
Op 29 maaie 2019 oardiele de Ried fan Steat dat it Programma Aanpak Stikstof (PAS) yn striid is mei Europeeske natuerwetjouwing. Dêrtroch kaam fergunningferliening oangeande stikstof yn 2019 stil te lizzen. Yn oktober 2019 hat de provinsje Fryslân beliedsregels fêststeld en wer ynlutsen, omdat der by in grut part fan de lânbousektor gjin draachflak wie. Yn ‘e hjerst fan 2019 is in Taskforce Stikstof ynsteld om te kommen ta in programmatyske oanpak fan de stikstofproblematyk yn de provinsje. Provinsjale Steaten hawwe dêr ien miljoen euro beskikber foar steld. De Taskforce is útein set mei it organisearjen fan dialoochsesjes, dêrnei binne yn desimber 2019 oanpaste beliedsregels ûnder foarbehâld fêststeld en op 1 febrewaris 2020 yngien.

Fierder wurkje oan treingong Noard-Nederlân
De spoarútwreiding Zwolle-Herfte, dy’t wichtich is foar de fjirde trein Ljouwert-Zwolle, is yn ûntwikkeling. Beroppen tsjin it traseebeslút foar de Ekstra flugge trein Groningen-Ljouwert binne troch de Ried fan Steat ûnbegrûne ferklearre. De ûndertrochgong by Hurdegaryp is yn gebrûk nommen.

Útgongspunten foar buskonsesje klear
Yn desimber is troch PS de Nota fan Útgongspunten foar de nije buskonsesje fêststeld. Yn de rin fan 2019 waard dúdlik dat it net mooglik is om it treinferfier op de noardlike linen mei yngong fan 2025 duorsumer te meitsjen troch batterijtreinen yn te setten.

Opûnthâld by inkelde wegeprojekten
Fan de fjirtjin RYP-projekten dy’t wy yn 2019 ôfslute woene, binne der fiif trochskood. Yn fjouwer gefallen is dat troch de PAS/Stikstofdiskusje feroarsake. By it fiifde projekt, N359 Lemmer-Sondel, siet opûnthâld troch netwurkbehearders en ekologyske ferplichtings ús dwers. PAS en PFAS hiene op guon plakken ek gefolgen foar baggerwurk. De brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Burgum koe fanwegen steurings noch net oan Rykswettersteat oerdroegen wurde.

Realisaasje slûs Koarnwertersân tichter by
Yn 2019 is hurd trochwurke oan it projekt Slûs Koarnwertersân. Mei ekstra jild fan it Ryk (€ 40 miljoen) en neiere ôfspraken yn regionaal ferbân (Fryslân, Flevoland, Overijssel) kaam de realisaasje tichteby.

Deadlike ûngelokken op provinsjale diken
Op provinsjale diken binne yn 2019 fiif ferkearsdeaden fallen. Twa kear gie it om in iensidich ûngelok.

Swettehûs giet ûntwerpfaze yn
De oanbesteging fan de realisaasje fan it Swettehûs is ôfsletten en de ûntwerpfaze útein set. Mei de gemeente Ljouwert binne oerienkomsten sletten oer oansluting en betsjinning fan in part fan har brêgen.

Foar in modern bestjoer

Romte foar inisjativen: Natuer mei de Mienskip
Wy steane iepen foar inisjativen út de mienskip. As earste provinsje ûntwikkelen wy yn 2017 belied foar Right 2 Challenge. Njoggen maatskiplike partijen dagen ús út oangeande de fierdere oanlis fan it Natuur Netwerk Nederland (NNN). Wy wurkje no gear yn Natuer mei de Mienskip. Yn july 2019 hawwe Provinsjale Steaten besletten it senario fan Natuer mei de Mienskip fierder út te wurkjen troch it útfiering fan trije pilots. De organisaasje is yn de stegers set, der is in begjin makke mei in leartrajekt yn gearwurking mei it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes.

Personielsbesetting wat tanommen
It kapasiteitsbudzjet foar de provinsjale organisaasje bedroech yn 2019 € 74,9 miljoen. Troch de direksje is op krimp stjoerd. Dat late ta in ûnderbesteging fan € 6 miljoen. De personielsbesetting is yn omfang úteinlik licht tanommen. Wichtige oarsaak dêrfan is it omsetten fan fjirtich kontrakten foar ynhier en tydlike tsjinstferbannen yn fêste oanstellings.

Generaasjepakt einiget
It Generaasjepakt is ein 2019 ophâlden. Der hawwe 75 minsken gebrûk fan makke, goed foar in totale fermindering fan oeren fan 20,5 fte. Der binne yn it tiidrek fan it generaasjepakt (maart 2017 – desimber 2019) 24 jonge minsken yn provinsjale tsjinst kommen.

Publykshal fierder optimalisearre
Yn 2019 is de publykshal fierder optimalisearre, ekstra ferwaarming pleatst en de kofjebar op in oar plak kommen. Dat allegearre om it gebrûk fan de romte sa optimaal mooglik te meitsjen en de mooglikheid om de mienskip te moetsjen fierder te skewielen.

Finânsjes

Baten
As provinsje krije wy jild fan it Ryk en hawwe wy eigen ynkomsten. Fan it Ryk krije wy in algemiene útkearing út it Provinciefonds. Eigen ynkomsten binne bygelyks de opsinten motorreaubelesting en ynkomsten út de ferkeap fan obligaasjes

  • Inkomsten
  • Provinciale heffingen
  • Algemene uitkering (provinciefonds)
  • Dividenden
  • Ontvangen rente
  • Verkoop obligatieportefeuille
  • Overige algemene dekkingsmiddelen
  • Overige baten
  • Totaal
  • Bedragen x € 1.000
  • 57.979
  • 219.425
  • 19.880
  • 12.162
  • 54.440
  • 10.396
  • 53.288
  • 427.570

Lêsten
As provinsje jouwe wy middels út foar de útfiering fan in soad ferskate taken en aktiviteiten. Foar in part binne dat wetlike taken, lykas bygelyks op it mêd fan Ferkear en Ferfier, Miljeu, Natuer en de Fryske taal. Wy ynvestearje dêrneist ek yn ‘autonome’ taken, lykas bygelyks Ekonomy, Ûnderwiis en Sport. Wy hawwe dat yn de provinsjale begrutting ferdield yn neikommende programma’s.

  • Lasten
  • Bestuur
  • Infrastructuur
  • Omgeving
  • Economie
  • Mienskip
  • Bedrijfsvoering
  • Algemene dekkingsmiddelen en onvoorzien
  • Totaal
  • Bedragen x € 1.000
  • 37.832
  • 114.018
  • 98.591
  • 25.721
  • 57.866
  • 73.999
  • 10.233
  • 418.260

De baten binne heger as de lêsten. Dat wurdt benammen feroarsake troch de ferkeap fan de obligaasjes.

Nei mutaasjes yn de reserves ûntstiet it jierrekkenresultaat (wurdt hjirnei taljochte).

Jierrekkenresultaat
Wy hawwe yn 2019 in posityf resultaat fan € 90,7 miljoen realisearre. It rekkenresultaat wurdt foar in grut part feroarsake troch de ferkeap fan obligaasjes en it opheffen fan de ûnderhâldsfoarsjennings yn 2019. As gefolch fan de ynsidintele opbringst fan de ferkeap fan obligaasjes en de frijfal fan de ûnderhâldsfoarsjennings falt € 69,7 miljoen frij yn it foardiel fan it rekkenresultaat. It rekkenresultaat út reguliere bedriuwsfiering bedraacht € 21,0 miljoen. Dêrfan is € 15,3 miljoen al yn it ferwachte begruttingssaldo 2019 opnommen. It úteinlike rekkensaldo is dan € 5,7 miljoen heger útfallen. It giet dêrby om de frijfal (einige) budzjetten fan € 5,5 miljoen, tafallers foar ien kear fan € 4,9 miljoen (ûnder oare legere lêsten iepenbier ferfier en hegere opbringsten motorreaubelesting) en in ôffaller fan ien kear fan € 2,8 miljoen (it ôfwurdearjen fan de boekwearde dielnimming Thialf) binnen de begruttingsprogramma’s. Dêrneist hawwe der foar € 1,9 miljoen mutaasjes op in reserve en foarsjennings west, dy’t net foarsjoen wiene. It resultaat fan € 90,7 miljoen is op de balâns (sjoch hjirnei) ferantwurde as noch te bestimmen resultaat en wurdt tafoege oan de frij te besteegjen reserve (VAR). It noch te besteegjen part fan de VAR bedraacht dêrmei oan de ein fan de koälysjeperioade € 61,6 miljoen.

Balâns
Yn de balâns steane de provinsjale besittings (aktiva) en it fermogen (passiva).

  • Activa - (bedragen x € 1.000)
  • Bijdragen aan activa derden
  • Vaste activa (vnl. geactiveerde investeringen en bedrijfsgebouwen)
  • Financiële vaste activa (vnl. belegd Nuon-vermogen)
  • Voorraden (vnl. grond)
  • Kortlopende vorderingen
  • Liquide middelen
  • Overlopende activa
  • Totaal
  • Passiva - (bedragen x € 1.000)
  • Reserves
  • Nog te bestemmen resultaat 2019
  • Voorzieningen
  • Overlopende passiva (vnl. voorschotten van overheden)
  • Kortlopende schulden
  • Vaste schuld
  • Totaal
  • Stand per 31-12-2019
  • 965
  • 393.014
  • 445.143
  • 1.145
  • 366.350
  • 3.177
  • 9.789
  • 1.219.583
  • Stand per 31-12-2019
  • 988.981
  • 90.729
  • 9.920
  • 63.422
  • 66.405
  • 126
  • 1.219.583

De gearstalling fan it fermogen (de passiva) jout oan hoe’t de provinsjale besittings (aktiva) finansiere binne. Te sjen is dat dy besittings benammen finansiere binne troch de reserves, it saneamde eigen fermogen.

Print deze pagina